Fryske tsjerketsjinst op TV

Foar it earst yn de histoarje organisearje Omrop Fryslân en de Freonen fan Omrop Fryslân sels in tsjerketsjinst. De Freonen fiere dit jier harren 35-jierrich bestean. Yn it ramt fan dat jubileum is der op snein 6 novimber in bysûndere Fryske tsjerketsjinst foar de Freonen ûnder lieding fan dominy Liuwe Westra fan Lollum. Mei muzyk fan de populêre jongerenband Lifenote. De tsjerketsjinst is fan 9.15 oere ôf live te folgjen op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Fryske tsjerketsjinst op TV útstjoeringen

(advertinsje)