Fryske top 100 op TV

Fan alles dat net trochgean koe dit jier is der ien ding wis: op âldjiersdei is der wer in Fryske top 100 by Omrop Fryslân. Yn de magyske setting fan it histoaryske Woudagemaal jouwe fjouwer Fryske artysten de kommende fjouwer sneinen in 1,5 meter sesje. Dêryn spylje se harren hit en in tip foar de top 100. Mei presintator Willem de Vries prate se by it gemaal op 'e Lemmer oer wat dit jier mei harren die. De Fryske top 100 en it 100-jierrich bestean fan it grutste stoomgemaal ea boud op de wrâld komme sa geweldich by elkoar.

Hasto dyn 5 favoriten al ynstjoerd? Doch it no op www.frysketop100.nl Elke 50e stimmer wint in Omrop Fryslân mûtse en eltse stimmer makket ek kâns op de haadpriis: de Omrop Fryslân Jukebox.

Aldjiersdei is de Fryske top 100 op radio, telefyzje en online te folgen. De útstjoering is fan 6.00 - 18.00 oere live. Jûn's binne op tv de hichtepunten werom te sjen.

(Advertinsje)