Fryske Matthäus Passion

Download hjir it tekstboekje

De Matthäus Passion fan Bach, útfierd troch it Noord Nederlands Orkest (NNO) yn in Fryske oersetting fan Peter Sijbenga, wurdt op sneontejûn 28 maart 2020 folslein útstjoerd op Omrop Fryslân Radio.

No't it sosjale en kulturele libben foar it grutste part stilleit as gefolch fan de coronakrisis, wurde ek de tradisjonele Matthäus Passions net útfierd. In teloarstelling foar al dy minsken, leauwich of net leauwich, dy't yn de wiken foar Peaske graach nei tsjerke of konsertseal gean om de passy fan Bach mei te meitsjen. Omrop Fryslân wol dêrom de Fryske Matthäus fan it NNO nochris foar it ljocht bringe. Muzyk as treast yn drege tiden.

Ta gelegenheid fan Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 hat it Noord Nederlands Orkest de ferneamde Matthäus Passion fan Johann Sebastian Bach yn it Frysk oersette litten troch Peter Sijbenga. It lijensferhaal fan Jezus, ferteld troch orkest, koar, solisten en bernekoar, yn in muzikaal masterwurk fan trije oeren lang. It NNO fierde de passie seis kear út foar útferkochte sealen. De earste fan dy seis Fryske Matthäus Passions, yn de Grote Kerk yn Harns, is yn de maitiid fan 2018 útstjoerd troch Omrop Fryslân Radio. Op 28 maart 2020 om 18.00 oere sil de reprize wêze.


De Fryslân DOK oer de tariedingen en de earste útfiering yn de Grote Kerk yn Harns yn 2018, is te sjen op 28 en 29 maart.

(advertinsje)

Fryske Matthäus Passion útstjoeringen