Fryske ferhalen fan de Earste Wrâldoarloch

De dokumintêre 'Fryske ferhalen fan de Earste Wrâldoarloch' fertelt it persoanlike ferhaal fan tal fan minsken yn oarlochstiid. Wat hawwe se meimakke? Hoe kamen se yn dizze situaasje te lâne? En hoe is it mei harren fergean? Troch de wiidweidige kunde fan Kees Bangma, de ferhalen fan neikommelingen en in farske blik fan studinten, wurdt de skiednis fan persoanen yn oarlochstiid yn byld brocht. Kenner fan de Earste Wrâldoarloch, Jort Kelder, sketst in byld fan dy tiid. Mei help fan filmbylden, foto's, deiboeken en materiaal út it boeken sprekke de ferhalen ta de ferbylding. Sa wurdt der ûnder oare gebrûk makke fan it boek 'Ver van het front? Friesland en de Friezen in de Eerste Wereldoorlog'.

Fryske ferhalen fan de Earste Wrâldoarloch útstjoeringen

(advertinsje)