Frouljus PC

De Frouljus PC fan ferline jier waard wûn troch Ilse Tuinenga (keninginne), Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra. Dêr moasten Nienke Sijbrandij, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra tefreden wêze mei it twadde plak. De grutste kânshawwers dit jier binne Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Sy wûnen dit seizoen de measte wedstriden. Ilse Tuinenga keatste dit seizoen mei sukses mei Margriet Bakker en Sjanet Wijnia. Sy binne ek grutte kânshawwers. Imke van der Leest keatst op de Frouljus PC yn it plak fan Sjanet Wijnia, dy't yn tarieding op it follybal earedifyzje-seizoen dit jier net meidwaan kin oan de Frouljus PC.

Tolve partoeren nimme snein 27 septimber yn Weidum diel oan de Frouljus PC. It is foar it earst dat de partij keatst wurdt sûnder Jan Suierveld as deifoarsitter. Jan Suierveld wie yn 1977 de inisjatyfnimmer fan de Frouljus PC. Feikje Toering-van de Weide hat it deifoarsitterskip fan him oernaam. Yn ferbân mei de coronamaatregels is der net in soad romte foar publyk.

De Frouljus PC is live te folgjen by Omrop Fryslân fan 10.30 oere ôf op radio, telefyzje en online.

(advertinsje)

Frouljus PC útstjoeringen