Foarinoar

Frijwilligers binne in wichtich diel fan de 'mienskip'; dat ek it tema fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 is. Sûnder harren is it net mooglik om sportklups of kultureel erfguod te behâlden. Mûnen bygelyks wurde allegearre draaiende hâlden troch frijwilligers. Sels de measte musea draaie mei help fan frijwilligers. Ek yn de soarch binne ekstra hannen wolkom.

Neist nuttich is frijwilligerswurk ek moai: men komt ûnder de minsken, leart in soad en docht wat foar in oar. Benammen minsken sûnder wurk of pensjonearden kinne sa warber bliuwe.
'Foarinoar' lit it sjen yn 30 ôfleveringen út de hiele provinsje. De frijwilligers nimme ús mei nei natuergebieten, musea, skoallen, fersoargingshuzen, in botanyske tún, in asylsikerssintrum, in tsjerke en in doarpshûs.

Fan 17 novimber is ‘Foarinoar’ alle wurkdagen om 16:55 oere te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Share this page on:

Foarinoar útstjoeringen

(advertinsje)