Finster op 2019

2018, it jier fan Ljouwert-Fryslân kulturele haadstêd, rint nei de ein. En wat barde der in soad!
Live fan it slotfeest ôf stjoert Omrop Fryslân it programma 'Finster op 2019' út. We sjogge werom op it ôfrûne jier, mar foaral ek foarút. Want hoe kin Fryslân fierder nei al dizze hichtepunten? Hoe hâlde we it kulturele klimaat yn bloei yn sawol stêd as doarp, en hoe soargje we derfoar dat de toeristen hjirhinne kommen bliuwe? 

In talkshow mei nijsgjirrige gasten, live muzyk en ferslach fan it plein ôf dêr't it mienskipsbuffet plakfynt. It programma is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante, Podium.TV en LF2018. De talkshow is programmaûnderdiel fan de ReOpening, it slotprogramma fan LF2018.

De presintaasje is yn hannen fan Karen Bies (Omrop Fryslân) en Kirsten van Santen (LC). It programma wurdt tagelyk útstjoerd by Omrop Fryslân en Podium.TV. 
Publyk is fan herte wolkom by de live útstjoering yn it stedskantoar (gemeentehûs Ljouwert) oan it Oldehoofsterkerkhof yn Ljouwert.

Finster op 2019 is in produksje fan Finster op Fryslân, mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.

Presintaasje: 
Karen Bies

Finster op 2019 útstjoeringen

(advertinsje)