Finster op 2018

Op de jûn fan de offisjele iepening fan LF2018, sneon 27 jannewaris, komt Omrop Fryslân fan 20.30 oere ôf mei in live telefyzjeprogramma oer LF2018 en de iepening. Yn it programma 'Finster op 2018' wurdt in oantal kulturele aktiviteiten beljochte. Dêrnei is de offisjele iepening, dy't troch de AVRO/TROS útstjoerd wurdt, fan 21.35 oere ôf ek live te sjen by Omrop Fryslân.

Finster op 2018 sketst in byld fan it kulturele jier 2018 oan 'e hân fan reportaazjes en petearen oan tafel mei presintatrise Karen Bies. Mei ûnder oare: Het Grote Grutto Theater, dêr't je it libben fan in skries meibelibje kinne; Iepen Doarp mei ferhalen fan alle ynwenners fan Feanwâldsterwâl en Sjen yn it tsjuster, in teätrale kuier yn Burchwert. Miranda Werkman stiet foar Omrop Fryslân yn it hert fan Ljouwert om live ferslach te dwaan fan ûnder oare de oankomst fan it keninklik pear by Stedsskouboarch De Harmonie.

Finster op 2018 útstjoeringen

(advertinsje)