Films by Omrop Fryslân

Yn de wike dat oars it Noordelijk Film Festival wêze soe, stjoert Omrop Fryslân trije kear in film út. 

Op 11 novimber is dat de film 'Sami Blood'. It ferhaal spilet yn de jierren 30. Sami binne it natoerfolk yn it noarden fan Skandinavië en hiene te krijen mei rasisme fan de Sweedske steat. Bern waarden ûnderbrocht yn ynstellings foar Sweedske taal en kultuer. Elle-Marja, in Sami-famke fan 14 jier dreamt fan wat oars as in nomadebestean mei rindieren. Sy siket nei har identiteit, sy wol studearje en brekt mei har famylje.

Op 12 novimber is de Finske film 'the Happiest day in the life of Olli Mäki' te sjen by de Omrop.
It is it wierbarde ferhaal fan de jonge bokser Olli. Yn 1962 kin hy, troch te fjochtsjen yn de 'vedergewichtsklasse' wrâldkampioen wurde. Mar yn de tarieding wurdt er fereale op in famke, Raija. Hy kin de holle net mear by it boksen hâlde en moat kieze.

De tredde film, op freed 13 novimber, is de regionale muzykfilm 'Water Wieg me' fan regisseur Sanne Rovers. Al 30 jier stiet de band De Kift op ynternasjonale poadia mei  'poëtyske fanfarepunk'. Frontman Ferry Heijne fart mei in skip troch in lânskip fan Noard-Nederlân en harket ûnderweis nei libbensferhalen.

(Advertinsje)