Earste natoeriis maraton live op tv

It is de fyfde kear dat Noordlaren de primeur fan de earste maraton op natueriis hat. De froulju starte om 10.00 oere en de manlju om 11.00 oere. Beide wedstriden binne live op Omrop Fryslân te folgjen op telefyzje, radio en ynternet. De top fan it maratonriden komt oan de start. Dan ha we it oer Arjan Stroetinga, Bob de Vries, Jorrit Bergsma, Gary Hekman, Crispijn Ariëns en Jouke Hoogeveen. By de froulju sille û.o. Elma de Vries, Corina Strikwerda en Aggie Walsma de striid oangean.

Earste natoeriis maraton live op tv útstjoeringen

(advertinsje)