Dizze wike

Omrop Fryslân set útein mei it programma ‘Dizze wike’, mei Jan Vincent van Zuiden. Fan snein 13 jannewaris ôf is dit nije wykoersjoch te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. ‘Dizze wike’ bringt de sjoggers yn 25 minuten op ‘e hichte fan nijsgjirrige saken út de programma’s fan de ôfrûne wike. It nije wykoersjoch fan Omrop Fryslân behannelet in ferskaat oan ûnderwerpen dy’t yn de ôfrûne wike oan de oarder kaam binne. It programma jout net allinne omtinken oan it nijs, mar der is ek in kompilaasje fan opfallende mominten út de sport-, kultuer- en oare programma’s fan Omrop Fryslân te sjen.

De presintaasje fan ‘Dizze wike’ is yn hannen fan Jan Vincent van Zuiden. Jan Vincent is 6,5 jier ferlyn begûn by Omrop Fryslân en is benammen wurksum by de sportredaksje. Jan Vincent: ‘’De minsken thús krije no alles op in unike wize yn ien programma te sjen. Elkenien kin sa wer hielendal op ‘e hichte brocht wurde fan wat er de ôfrûne wike spile hat. Foar my persoanlik sjoch ik it as in moaie kâns om mear ûnderfining op te dwaan mei it presintearjen’’.

‘Dizze wike’
Alle sneinen fan 18:00 oere ôf alle oeren te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Share this page on:

Dizze wike útstjoeringen

(advertinsje)