De tocht fan Maarten van der Weijden

Yn trije dagen groeide hy út ta de 'Held van het Noorden': swimmer Maarten van der Weijden. Syn swimalvestêdetocht makke in soad los yn sawol Fryslân as Nederlân. Omrop Fryslân makke in kompilaasje fan de tocht en stjoert dy freed 24 augustus út fan 18.45 oere ôf. Yn it programma 'De tocht fan Maarten van der Weijden' binne bylden te sjen dy't makke binne troch Omrop Fryslân, de NOS, mar ék fan josels, it publyk!

Omrop Fryslân hat ôfrûne wike minsken oproppen om harren eigen filmkes yn te stjoeren foar de kompilaasje. Mei troch dy sfearfolle filmkes is it programma 'De tocht fan Maarten van der Weijden' ta stân kaam.

De tocht fan Maarten van der Weijden is freed 24 augustus fan 18.45 oere ôf te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân.

De tocht fan Maarten van der Weijden útstjoeringen

(advertinsje)