De Stormruiter

Grut oankundige binnen Ljouwert-Fryslân 2018: de teäterfoarstelling De Stormruiter. Dat waard mear as wiermakke: de útfiering wie grut. It teäterstik fan regisseur Jos Thie wie folslein útferkocht. Mar goed nijs foar wa't it mist hat of nochris sjen wol, mei de krystdagen is it te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

Foar de registraasje fan de Stormruiter waarden acht kamera's yn de teäterarena pleatst, dy't de foarstelling twa kear opnommen hawwe. Mei de úteinlik 16 opnamebannen begûn dêrnei in 'monstermontaazjeklus'. It resultaat sjochst dizze krystdagen yn twa dielen by Omrop Fryslân.

Sjoch online of op tv

De Stormruiter op dvd:
De Stormruiter komt ek op dvd út. Dy is te keap by de Hynstekeuring 2019 yn it WTC Expo yn Ljouwert en fan 1 febrewaris 2019 ôf yn de webshop fan it KFPS.

Nederlands:
Klik hier voor een Nederlandse vertaling

(advertinsje)

De Stormruiter útstjoeringen