De Hynsteman

De gemeente hat besocht om syn hiem ûnder twang te romjen, mar dat is net slagge. Postma giet troch mei sammeljen en hat njonken syn guod ek noch 30 hynders, in tal hûnen, katten, hinnen en dowen op syn hiem. Twa frijwilligers lûke harren it lot oan fan Postma en sykje yn gearwurking mei de gemeente nei in oare lokaasje. Mar ek dêr giet Postma troch mei it sammeljen fan alderhande guod. Omdat Postma al op jierren is, 76 jier, is er net mear yn steat om syn bisten goed te fersoargjen.
De ynspeksjetsjinst foar bisten docht dan ek in ynfal en nimt de fertutearze bisten yn beslach.
Postma kin dat net ferkropje en giet de striid oan mei de ynstânsjes, in ûngelikense striid dy’t er net winne kin.
Dizze film wurdt útstjoerd op sneon 21 en 28 septimber om 18.30 oere. Hjirnei wurdt it alle oeren werhelle.

Share this page on:

De Hynsteman útstjoeringen

(advertinsje)