De gouden finylmiddei

Peaskemoandei: De gouden finylmiddei

Op moandeitemiddei 17 april bliuwt it digitale muzyksysteem sletten en is der alle romte foar it orizjinele swarte goud fan eartiids, op de Gouden Finylmiddei. In pear bekende DJ’s fan doe nimme har finyl mei út de jierren 60/70/80. Wa kin se noch? Alfred Knorr, de Fryske Henny Huisman; Jaap de Bruin, stjer DJ fan de Ringobar yn Feankleaster en Ids Eckhardt, wrâldferneamd yn Snits.

En... ek do bist wer fan herte wolkom mei âlde platen, fan 13.00 oant 18.00 oere yn it gebou fan Omrop Fryslân oan de Suderkrúswei 2 yn Ljouwert.

Share this page on:

De gouden finylmiddei útstjoeringen

(advertinsje)