De Domela Passy

Meindert Talma syn Domela Passy:

Op 18 novimber 2019 wie it 100 jier lyn dat Ferdinand Domela Nieuwenhuis ferstoar. Yn in programma fan in oere krûpt Meindert Talma yn de rol fan Domela. Mei in koar fan 70 minsken bringt hy syn Domela Passie op Explore the North yn Zalen Schaaf te Ljouwert. Domela wie in held yn Fryslân dy't opkaam foar lânarbeiders yn it noarden fan Fryslân.

Se neamden him: "Us ferlosser". Hy slepte by harren yn de krotten en Jezus wie syn grutte foarbyld. Tirannen meitsje gjin slaven, mar slaven meitsje tirannen. Hy wie de grûnlizzer fan it sosjalisme yn Nederlân.

(advertinsje)

De Domela Passy útstjoeringen