Bûtenpleats

Ferspraat oer Fryslân binne de meast prachtige bûtenpleatsen te finen. Sy wurde mei in soad leafde ûnderhâlden, mar it behear freget nochal wat fan de eigeners. Bûtenpleats fertelt it ferhaal fan dizze Fryske states. Yn moaie bylden fan gebouwen, parke en it lânskip. En mei ferhalen fan eigeners, frijwilligers, saakkundigen en oare belutsenen. Yn acht ôfleveringen wurdt de sjogger meinaam yn de skiednis, it no en de takomst fan de Fryske states.

Bûtenpleats is foar Omrop Fryslân makke troch Mrs. Moon Productions.
De searje is mei mooglik makke troch: Provinsje Fryslân, Old Burger Weeshuis, Van Teyens Fundatie, Nieuwe Stadsweeshuis, It Fryske Gea, Stichting Erfgoed en Publiek, Stichting Op Toutenburg, Stichting Staten en Stinzen, Stichting Martenastate, Gemeente Hearrenfean, Gemeente Opsterlân, Gemeente Noardeast-Fryslân.









(Advertinsje)