Befrijingskonsert

Op 15 april is it eksakt 76 jier lyn dat Ljouwert befrijd waard. Troch corona dit jier gjin fysike fiering, mar dat wol net sizze dat it oan dy foarby hoecht te gean. Omrop Fryslân stjoert it Befrijingskonsert op 16 april live út, sa kinst it konsert fanút de wenkeamer dochs noch 'live' meibelibje.

Foar de histoaryske feriening Aed Levwerd is de Fryske befrijing de oanlieding om alle jierren in Befrijingskonsert te organisearjen. Ljouwerter stêdsoargelist Theo Jellema soarget foar de muzyk en boargemaster Sybrand Buma fan de gemeente Ljouwert hâldt in taspraak. Alles fanút de Grutte Tsjerke yn Ljouwert.

De live-útsjoering is 16 april fan 15.00 oere ôf op telefyzje te sjen. Jûns om 21.00 oere wurdt de útstjoering werhelle.

(Advertinsje)