Bear Boeloe

Bear Boeloe wike:

Om it 25-jierich jubileum te fieren is der in spesjale Bear Boeloe wike by Omrop Fryslân. Fan 13 oant en mei 17 jannewaris traktearret de Omrop sawol de lytste fans as de gruttere leafhawwers op in fûgelflecht út it bestean fan Bear Boeloe. Alle dagen is Bear Boele mei in pear ôfleveringen werom op it âlde fertroude tiidstip: 18.45 oere.


De wike begjint mei de alderearste trije ferhalen út 1995 en sil fia lettere ôfleveringen (om de 200e, 400e en 600e hinne) útkomme by de alderlêste (nije) ôfleveringen. Dêrnjonken meitsje fans yn it radioprogramma Weistra op Wei kâns op offisjele tekeningen fan Bear Boeloe.

(advertinsje)

Bear Boeloe útstjoeringen