Bauck

Yn it midsiuwsk stik BAUCK! giet  Bauck van Hemmema Bauck fan Hemmema yn 1496 foarop yn ‘e striid foar de Fryske frijheid op it bûtendyks famyljekastiel yn Berltsum. Dat bart krekt op it momint dat har man Doeke van Hemmema útpykt en troch diplomasy rekkenet op de help fan kriichsman en lantsjepikker Albrecht van Saksen.

It pakt oars út. It fjochtsjen foar rjocht en Fryslân sit Bauck yn har ieren, sy is de âldmuoike fan Grutte Pier. Se fjochtet skouder oan skouder mei Silk, de fiskerssoan dy’t op har bertegrûn fan Skylge earste ridder wie by har heit, Foppe fan Popma, hear fan Skylge. Har famylje rekket op Skylge alles kwyt. Dat wol Bauck net wer. Tsjin de Grinzer en Dútske hierlingen rinne striid en leafde by har troch inoar. Yn BAUCK! wane je je yn it Skylge en it Berltsum fan de 15e iuw.

Mei rollen foar û.o. Marieke Swart (jonge Bauck), Jantien Hoekstra (folwoeksen Bauck) en Redmer van der Meer (Silk).

1ste Krystdei, 25 desimber, fan 10.00 oant 11.40 oere op telefyzje by Omrop Fryslân en nochris te sjen op Nijjiersdei, 1 jannewaris fan 10.00 oant 11.40 oere. Dit programma is NET werom te sjen op Utstjoering Mist.

Bauck útstjoeringen

(advertinsje)