Amama

It is in bekend probleem. Bedriuwsopfolging, of yn dit gefal: wa nimt it boerebedriuw fan heit oer? Yn de bûtenlânske film ‘Amama’ stiet dy wrakseling sintraal. Ta gelegenheid fan it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert stjoert Omrop Fryslân op freed 11 novimber de film Amama út op Omrop Fryslân Telefyzje. Omrop Fryslân fertoant de film mei Fryske ûndertitels. 

Amama giet oer in Baskyske boerefamylje dy't wrakselet mei it probleem fan de bedriuwsopfolging. In famyljedrama, dat him ôfspilet ûnder de eagen fan Amama (beppe). Wa nimt de boerepleats oer fan heit? De âldste soan emigrearret, de jongste wurdt ûngeskikt fûn. De druk komt folslein by de dochter te lizzen, wylst sy gjin boerinne mar keunstner wêze wol. De tematyk fan it boerebestean yn Baskelân is ek foar it Fryske plattelân werkenber. Want hoefolle Fryske boeren wrakselje wol net mei de opfolging?

Amama
Freed 11 novimber om 21.00 oere op Omrop Fryslân Telefyzje. De film duorret in oere en 45 minuten. Fryske ûndertiteling: Geertrui Visser. 

(advertinsje)