Alkohol to the Max

Ik bin Jennifer en dizze podcast heart by myn YouTube-searje JENNIFER TO THE MAX wêryn't ik op syk gean nei it echte ferhaal efter de dea fan myn buorjonkje Max. Hy stoar op syn skoalreiske yn Berlyn oan in alkoholfergiftiging. Yn dy syktocht moetsje ik Tryntsje ek.

Yn dizze podcast giet it oer Sjoukje, de mem fan Tryntsje. Oer hoe't sy har dochter mear dea as libjend fan in feestje helle en wat dêrnei allegearre barde.

Dizze podcast is makke yn opdracht fan Platform Nuchtere Fries yn gearwurking mei GGD Fryslân, Verslavingszorg Noord Nederland en Omrop Fryslân. Dizze podcast is in ûnderdiel fan it Fryske lespakket To the Max. It tema is groepsdruk en it wichtichste ûnderwerp is alkoholmisbrûk ûnder de 18 jier. Foar jongerein is op de website JouwGGD.nl in chatfunksje beskikber om oer alkohol, drugs en smoken te praten mei in jeugdferpleechkundige. De chats binne anonym en fertroulik. Sjoch op jouwggd.nl

(advertinsje)

Alkohol to the Max harkje