8ste dag

Hoewol't it hiele jier spesjaal is foar ús provinsje en de haadstêd wurdt 8 july 2018 in ekstra spesjale dei foar Ljouwert. Dan soarget it projekt '8ste dag' as ûnderdiel fan LF2018 foar in fiif oeren duorjende kulturele kettingreaksje yn de binnenstêd fan Ljouwert. Tsientallen kulturele projekten wurkje mei elkoar oan wat gruts. Falt der wat stil? Dan stiet alles stil! Omrop Fryslân folget dat spektakel. Fan in boekedomino oant in brulloft, fan minsken oant masines, wy binne derby, fiif oeren lang.

Folgje de '8ste dag' op snein 8 july fan 13.00 oant 18.00 oere live op telefyzje, Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.

8ste dag útstjoeringen

(advertinsje)