7Stêden

Nei alle stêden reizge ek in ‘Young Professional’ mei dy’t past by it kulturele tema fan de stêd. Sa giet beukerjuf Judith Switters nei Wroclaw en kok Jan Smink nei San Sebastián. Yn totaal binne fjirtjin ferslachjouwers en sân Young Professionals nei de stêden ta gien. De sjoernalisten reizgen ôf nei de sân kulturele haadstêden dy’t de titel noch hawwe foar't dy nei Ljouwert giet. It gie om de stêden Mons/Bergen (België) en Pilsen (Tsjechië), Wroclaw (Poalen) en San Sebastián (Spanje), Aarhus (Denemarken) en Paphos (Syprus) en Valletta (Malta), de susterstêd fan Ljouwert yn 2018. De sjoernalisten en de Young Professionals krigen in opdracht mei om yn de stêd dêr’t sy wiene in geastessibbe te sykjen om mei gear te wurkjen. Dat betsjut dat de sjoernalist fan de LC gearwurket mei in kollega fan in oare krante. De ferslachjouwer fan de Omrop is mei in kameraman út de stêd op ‘en paad en de Young Professional siket ek ien út itselde wurkfjild om mei gear te wurkjen. By de searje heart ek in spesjale webside www.7steden.nl mei alle programma's, foto's en achtergrûnferhalen fan de makkers. It projekt wurdt finansiere troch it spesjale mediafûns dat de provinsje Fryslân ynsteld hat foar mediaprojekten om Kulturele Haadstêd hinne.

Diel dit berjocht op:

7Stêden útstjoeringen

(advertinsje)