18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.

Yn de rige wurde Anne-Mare, Moos, Leonie, Tijn, Hilda, Hylke, Eva, Berend, Meyke, Lars, Ilse, Abe-Jan, Isabella, Ardian, Morgan, Robin, Johan en Kyra folge yn harren deistich libben. Sy wenje op ferskate plakken yn Fryslân fan It Amelân oant Jobbegea. Thús, op skoalle mar ek by de muzykles of op de sportklup. Jongerein fan 18 hawwe in protte ambysjes foar de takomst en de kommende jierren binne dan ek bepalend foar it fierdere libben. Yn 18yn2018 steane de jongerein sels sintraal en komme der praktysk gjin folwoeksenen oan it wurd. Sy groeie yn fjouwer jier op: fan bern nei jong-folwoeksenen.

18yn2018 útstjoeringen

(advertinsje)