11 Andere Oorden

Op alve plakken rûnom yn Fryslân binne kommende tiid ljochtkeunstwurken te sjen. It wurdt makke troch it LUNA Collective, bekend fan it ljochtfestival yn Ljouwert. Alle jûnen wurdt der wer in oar plak op in kreative wize yn it ljocht set. Wêr't it allegearre is, bliuwt yn it foar geheim, om't der gjin publyk by mei. It giet net om ikoanen, mar just plakken dy't net hiel bekend binne. Efter dizze kar sit in krystgedachte, nammentlik elkenien derby belûke. Troch objekten yn it ljocht te setten komt it der moai út te sjen. Omrop Fryslân lit dizze ljochtkeunstwurken sjen sadat elk der dochs fan genietsje kin.

 

(Advertinsje)