Stim op de Publykspriis fan de Fryske Popawards 2019

De Fryske Popawards wurde dit jier op 20 desimber foar it earst bekend makke yn in spesjale útstjoering fan IepenUp live yn gearwurking mei Omrop Fryslân. En do koest stimme foar de Publykspriis!

De nominearren foar de Publykspriis binne: Deepgroves, Atmoran, Psy-fi, Simmerdeis, Into the Grave, Promised Land, Dokk'em open air, Sjoerd ensa, Noardewyn Live en 3VOOR12/Friesland.

De útrikking fan de Fryske Popawards 2019 wurdt op 20 desimber fan 20.00 oere ôf hâlden yn it kafee fan poppoadium Neushoorn yn Ljouwert en is live online te folgjen fia de Omrop-app en de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân. De presintaasje is yn hannen fan Willem de Vries en Marianne Klijnstra.

(advertinsje)