Pitch Noord Oost

    Watfoar misstân moat oan it ljocht brocht wurde? Watfoar maatskiplik tema moat neier útsocht wurde? De regionale omroppen Omrop Fryslân, RTV Noord, RTV Drenthe en RTV Oost en ûndersyksplatfoarm Follow the Money wurkje gear om saken boppe wetter te krijen.

    Elkenien kin hjirûnder in ûndersyksfoarstel yntsjinje. Dêrnei kin it publyk stimme op syn of har favorite Pitch. Sa bepale de ynwenners fan Noard- en East-Nederlân mei wat ûndersocht wurdt. Hast in idee, jou it  hjirûnder dan troch fia Pitch. We ferwachtsje in útwurke, mar benammen beärgumintearre foarstel. Wêrom moat it ûndersocht wurde? Wa kinne dêrmei helpe?

     
    (advertinsje)