​Winterwaar op komst

28 jan 2020 - 15:29

As guozzen yn V-foarm oer it lân hinne kamen, sei men eartiids: "Winterwaar op komst." Hjoeddedei is it amper winter, mar guozzen binne der des te mear. Dêroer giet de Fryslân DOK: 'Winterwaar op komst.'

It tal oerwinterjende guozzen yn Nederlân is sûnt de jierren '70 groeid fan inkele hûnderten oant 2,5 miljoen eksimplaren no. As it gerslân yn 'gedoochgebiet' troch de guozzen opfretten wurdt, betellet de provinsje de skea oan de boeren. No't dat skeabedrach hieltyd heger wurdt, hat de provinsje bepaald dat der in soad guozzen sketten wurde meie. Wat is de takomst? Troch de klimaatferoaring soene der noch folle mear guozzen komme kinne. Filmmakker Albert Jensma freget oan boeren, wittenskippers, jagers en slachters: Wat dogge we mei de guozzen, en wat kinne wy dermei?

Fryslân DOK: Winterwaar op komst
1 febrewaris 15.30 oere, NPO2 (Nederlânske ûndertiteling, werhelling 2 febrewaris 13.10 oere)
2 febrewaris 17.00, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(advertinsje)