Wike fan de mantelsoarch: freegje om help

22 mrt 2019 - 12:35

Fan 1 oant en mei 5 april by Omrop Fryslân

Ien op de trije minsken jout mantelsoarch. In partner dy't siik is, of de buorman helpe mei de boadskippen om't er muoilik út hûs komt: it binne allegearre foarmen fan mantelsoarch. Dy soarch foar oaren wurdt hieltyd swierder; dochs doare in soad fan dy minsken net om help te freegjen. Yn de earste wike fan april stiet dêrom by Omrop Fryslân de mantelsoarger, yn hokker foarm dan ek, sintraal.

As gefolch fan de fergrizing en ûntgriening fan de befolking komt de mantelsoarch ûnder druk te stean. Ek jout ien op de sân mantelsoargers oan dat sy harrensels swier belêste fiele mei de soarch foar in oar: dat binne te folle. Dêrom is der yn de 'Wike fan de mantelsoarch' folop omtinken op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app foar de ferskate foarmen fan mantelsoarch en de inisjativen dy't foar ferlichting soargje kinne.

Sa komme ferhalen oan bar fan bygelyks Grytsje Andringa dy't in mantelsoarchwenning yn de tún hat wêrtroch't sy in eagje hâlde kin op har skoanmem. Of frijwillige mantelsoarger Riemke Dijkstra dy't by minsken thús sit en famylje opfange kin as ien stjerrende is.

Mar ek twa foarmen fan mantelsoarch dy't meastentiids fergetten wurde. Profesjonele mantelsoarger Marjon Hamstra komt twa kear yn de wike by de 92-jierrige David Buurma. Harren bân giet folle fierder as 'it wurk'. "Hy fielt echt as in twadde heit foar my", fertelt Hamstra. De oare ferjitten groep binne jonge mantelsoargers. Corné Struikmans is 19 jier en mantelsoarger foar syn heit dy't in spiersykte hat. Hy sil dit jier foar de earste kear nei in moetingsdei spesjaal foar jonge mantelsoargers, want: net ien hoecht der allinnich foar te stean.

Alles oer de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help' is te finen op: Omropfryslan.nl/mantelsoarch.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

(advertinsje)