Werom yn de tiid mei Weromrop

02 nov 2015 - 12:07

It fideo-argyf fan Omrop Fryslân is no online

De âlde bylden fan Sybe Satellyt of Baas Boppe Baas weromsjen? In reportaazje oer Simmer 2000 of bygelyks de bylden fan de Alvestêdetocht fan 1997? Dat is allegearre mooglik op de nije argyfwebside: www.weromrop.nl fan Omrop Fryslân. De site waard fan ‘e middei live lansearre troch Henk Kroes, âld-foarsitter fan de Vereniging De Friesche Elfsteden mei de bekende wurden: “It giet oan!”. Op Weromrop is in seleksje fan bylden út de earste tweintich jier fan Omrop Fryslân Televyzje te finen.

Weromrop.nl is in fideo-argyf mei bylden fan Omrop Fryslân Televyzje dy’t yn it tiidrek 1985-2005 útstjoerd binne. Dat betsjut oantinkens ophelje of mei nostalgy weromsjen op de tiid fan doe. It is mooglik om sels yn de bylden fan doe te sykjen, mar der wurde ek suggestjes jûn. It fideo-argyf fan Weromrop wurdt de kommende tiid noch oanfolle.

Op Weromrop.nl binne der alle seizoenen ûnderwerpen dy’t ekstra omtinken krije. Dat binne bygelyks ûnderwerpen dy’t oanslute by it seizoen, by in evenemint of in oar relevant barren. Dizze perioade stiet de Alvestêdetocht fan 1997 sintraal. De opnamen dy’t Omrop Fryslân makke fan dy tocht binne werom te finen op Weromrop.nl.

Weromrop is mooglik makke troch it Deltaplan Digitalisearring Kultureel Erfgoed, in mearjierrich digitalisearringsprogramma dat finansiere wurdt troch de provinsje Fryslân. It doel fan it inisjatyf is om in grut diel fan it Fryske erfgoed te digitalisearjen en ek beskikber te meitsjen foar it grutte publyk. In soad museums, argiven en oare ynstânsjes binne gearwurkingspartner, wêrûnder ek Omrop Fryslân.

Dizze hiele wike is der by Omrop Fryslân ekstra omtinken foar Weromrop mei ûnder oaren alle dagen reportaazjes yn Bynt en op snein 8 novimber is der tusken 9.00 en 16.00 oere op televyzje in ferskaat oan programma’s út it argyf te sjen dy’t ek op Weromrop te finen binne. Sels efkes omsneupe yn it fideo-argyf fan Omrop Fryslân? Gean dan nei www.weromrop.nl: 'in site om op werom te kommen’.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân fia mk@omropfryslan.nl of tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)