Werhelling priiswinnende rige It Swarte Goud

29 nov 2016 - 13:17

De dokumintêrerige It Swarte Goud fan Omrop Fryslân oer it Frysk hynder wurdt yn desimber en jannewaris werhelle. It Swarte Goud hat oardel wike lyn in priis wûn op in grut filmfestival yn New York. De dokumintêre wie de bêste yn de kategory ynternasjonale spylfilm. Omrop Fryslân wie troch de organisaasje fan it EQUUS Film Festival frege om It Swarte Goud yn New York te fertoanen.

Yn april fan dit jier stjoerde Omrop Fryslân de fiifdielige Fryslân DOK-rige It Swarte Goud út. In dokumintêre oer ien fan de wichtichste eksportprodukten fan Fryslân: it Frysk hynder. No, mear as in heal jier letter, wint de film fan programmamakkers Piter Tjeerdsma en Albert Jensma en researcher Johanna Brinkman in priis op it EQUUS Film Festival yn New York. It festival is in evenemint dat spesjaal yn it libben roppen is foar films oer hynders.

Oan de ein fan dit jier en begjin takom jier wurdt It Swarte Goud werhelle op Omrop Fryslân Telefyzje. Yn de rige wurdt antwurd socht op in tal fragen. Hoe bleau en bliuwt it ras oerein? Wêrom ried Zorro op in Fries en wêrom hat thrillerskriuwer Dan Brown Fryske hynders? Nei alle gedachten om dy dreech te ferwurdzjen reden dy’t Fryske emigranten emosjoneel makket as it oer Fryske hynders giet. De dokumintêrerige It Swarte Goud fertelt oer de skiednis, takomst, passy, keuringen, gebrûken en it sukses fan it Frysk hynder.

It Swarte Goud is ta stân kaam troch in crowdfundingsaksje yn gearwurking mei de Koninklijke Vereniging ‘’Het Friesch Paarden-Stamboek’’ (KFPS).

Fryslân DOK: It Swarte Goud
Diel 1: Fan alle tiden, op snein 11 desimber fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 10 desimber om 15.30 oere en snein 11 desimber om 13.05 oere op NPO 2.

Diel 2: Yn ‘e groei, op snein 18 desimber fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 17 desimber om 15.30 oere en snein 18 desimber om 14.30 oere op NPO 2.

Diel 3: Yn ‘e krêft, op snein 25 desimber fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 24 desimber om 15.25 oere.

Diel 4: Rispinge, op snein 1 jannewaris fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 7 jannewaris om 15.30 oere en snein 8 jannewaris om 13.00 oere op NPO 2.

Diel 5: De blik foarút, op snein 8 jannewaris fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 14 jannewaris om 15.30 oere en snein 15 jannewaris om 13.00 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

(advertinsje)