Werhelling 7Stêden

01 jul 2015 - 08:05

Fan snein 12 july oant en mei snein 23 augustus

Ljouwert is yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Mar ús haadstêd is net de iennichste. Under de titel ‘7stêden’ is der ein 2014 in rige dokumintêres makke oer de sân kulturele haadstêden dy’t de titel noch hawwe foar't dy nei Ljouwert giet. Yn de simmer fan 2015 werhellet Omrop Fryslân de dokumintêres 7Stêden.

In LC-sjoernalist en programmamakker fan Omrop Fryslân reizgen mei in jonge professional út Fryslân nei ien fan de stêden en krigen de opdracht mei om yn dy stêd in geastessibbe te sykjen om mei gear te wurkjen. De ferslachjouwer fan Omrop Fryslân gie op ‘en paad mei in lokale kameraploech, de sjoernalist fan de Ljouwerter Krante wurke gear mei in kollega fan it regionale deiblêd en de Young Professional socht ek immen út itselde wurkfjild om mei gear te wurkjen. Op www.7steden.nl steane harren ferhalen, foto’s en reportaazjes.

Sân Stêden
Snein 12 july oant en mei 23 augustus om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen fan sneon 11 july oant en mei 23 augustus om 15.30 oere en fan snein 12 july oant en mei 23 augustus om 12.30 oere op NPO 2.

Dizze dokumintêres binne earder útstjoerd yn desimber 2014. It projekt waard finansiere út it spesjale mediafûns dat de provinsje Fryslân ynsteld hat foar mediaprojekten om Kulturele Haadstêd hinne.

Programma-ynformaasje 7Stêden
Snein 12 july: Yn de earste ôflevering fan de rige 7Stêden stiet de stêd Wroclaw sintraal. Wroclaw is in stêd yn it súdwesten fan Poalen mei ûngefear 630.000 ynwenners. Wroclaw is yn 2016 Kulturele Haadstêd. Bart Kingma gie mei Kirsten van Santen en skoaljuf Judith Switters op syk nei de tema's fan dizze stêd.

Snein 19 july: Halbe Piter Claus, fotograaf Jacob Haagsma en regisseur Mirjam de With wurde folge yn Aarhus, Denemarken. Aarhus is yn 2017 Kulturele Haadstêd, in havenstêd oan de noardeastkant fan Denemarken. It is de op ien nei grutste stêd fan it lân mei sawat 243.000 ynwenners. Aarhus is in knooppunt fan spoarwegen út alle parten fan it lân.

Snein 26 july: Simone Scheffer, Jantien de Boer en singer/songwriter Wiebe Kaspers reizgje ôf nei Pilsen, Tsjechië. Pilsen is in stêd yn it westen fan Tsjechië en mei 162.500 ynwenners de fjirde stêd fan it lân. De stêd is bekend wurden as de nammejouwer fan de pils. De bierbrouwerijen drukke in grut stimpel op de stêd, lykas de fabryksterreinen fan automerk Skoda.

Snein 2 augustus: Henk te Biesebeek, fotografe Gitte Brugman en topkok Jan Smink reizgje ôf nei San Sebastian, Spanje. San Sebastian, oftewol Donostia foar de Basken, leit oan de Golf fan Biskaje, yn it noarden fan Spanje. De stêd hat sawat 200.000 ynwenners en is ien fan de moaiste stêden fan Spanje. Yn San Sebastian draait alles om iten, de stêd telt mar leafst 16 Michelin-stjerresjefs. Iten is dan ek ien fan de tema's fan Kulturele Haadstêd 2016.

Snein 9 augustus: Albert Jensma, sjoernaliste Ines Jonker fan de Ljouwerter Krante en Jos van Dalfsen fan Wetsus reizgje ôf nei Bergen/Mons, België. Bergen, oftewol Mons yn it Frânsk, is in Waalske stêd yn België en hat 93.000 ynwenners. De stêd hat twa universiteiten en 13 hegeskoallen. Dêrtroch wenje en wurkje der mar leafst 15.000 studinten. Bergen wrakselet mei in hege wurkleazens troch de sluting fan de koaleminen yn de twadde helte fan de 20e ieu. De stêd sit no wer yn de lift, troch Kulturele Haadstêd 2015. Ald-premier Di Rupo fan België wie mei it binnenheljen fan de titel boargemaster fan de stêd.

Snein 16 augustus: Wendy Kennedy, Rob Leemhuis fan de Ljouwerter Krante en Tatiana Pratley reizgje ôf nei Paphos, Syprus. Paphos is in havenstêd op Syprus, yn it súdwesten fan it eilân, en hat 75.000 ynwenners. Paphos lûkt in soad toeristen en dat is dan ek in belangrike boarne fan ynkomsten. De stêd is yn 2017 Kulturele Haadstêd.

Snein 23 augustus: Yn de lêste ôflevering fan de rige giet Annet Huisman mei Stef Altena fan de Ljouwerter Krante en Friso Visser nei Valletta yn Malta. Valletta is de haadstêd fan Malta en hat 7.000 ynwenners. De stêd is kompakt en beslacht mar sawat twa by ien kilometer. Valletta is tagelyk mei Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd. It is de stêd fan forten en bastions, dêr't in soad kultueren byinoar komme.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)