Websjop Omrop Fryslân ferhuzet nei Afûk

18 des 2014 - 11:49

Omrop Fryslân hâldt op mei de websjop: http://sjop.omropfryslan.nl/. De Stichting Afûk nimt de websjopaktiviteiten fan de Omrop oer mei yngong fan 25 desimber 2014.

Yn de (web)winkel fan Afûk waarden al meardere produkten oanbean dy’t ek yn de Omrop-sjop ferkocht waarden. Dêr komt no in tal spesifike Omrop-produkten, Omrop-produksjes en produkten út de foarried fan de Omrop-sjop by. De produkten binne tenei te finen op http://websjop.afuk.nl/ en fia de rjochtstreekse link http://websjop.afuk.nl/omrop-fryslan. Guon Omrop-produksjes binne ek by oare (web)winkels te keap.

Omrop Fryslân hat de lêste jierren de websjopaktiviteiten al hieltyd fierder ôfboud. Dat hat te krijen mei strangere regels yn de Mediawet. Yn dy wet binne de easken oan publike en kommersjele omroppen fêstlein. Dêrby binne ek regels opnommen oer nevenaktiviteiten fan omroppen, lykas it hawwen fan in websjop. Op basis fan dy regels koe Omrop Fryslân hieltyd minder ferskillende soarten produkten oanbiede yn de websjop. Oant de oername op 25 desimber hâldt de Omrop-sjop in ferhuzingsútferkeap.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Jitske de Hoop fan Omrop Fryslân:
06 1423 9834 / jitske.dehoop@omropfryslan.nl of Sito Wijngaarden fan Afûk: 06 5090 9495 / s.wijngaarden@afuk.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)