Wat makket Fryslân seksy?

18 nov 2015 - 14:49

Fan tongersdei 19 novimber ôf

Wat makket de provinsje Fryslân no eins seksy? Is it de Fryske taal, binne it de blonde minsken of moat it Fryske folk it hawwe fan Grutte Pier mei syn ‘bûter, brea en griene tsiis’? Acht studinten sykje dat de kommende fjouwer wiken út yn it nije televyzjeprogramma ‘Sexy Fryslân’.

Op in eigentiidske wize wurdt ûndersocht wat ús Fryslân no ta in seksy provinsje makket. Yn acht ôfleverings is dat ûndersyk op de tongersdeis en freeds op Omrop Fryslân Televyzje te folgjen. Oan de hân fan in tal stellingen oer wat Fryslân seksy makket wurde eksperiminten útfierd om te testen oft dit ek echt sa is. Bygelyks, de stelling is: ‘bûter, brea en griene tsiis’ makket Fryslân seksy. Dan wurdt der yn it programma eksperimintearre oftst fan dy ek ingrediïnten wat lekkers meitsje kinne.

‘Sexy Fryslân’ is in inisjatyf fan Omrop Fryslân yn gearwurking mei de oplieding Kommunikaasje fan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. Meitinke oer wat jo seksy fine oan Fryslân? Lit dan in reaksje efter op de Facebook-pagina fan Omrop Fryslân fia www.facebook.com/omropfryslan.

‘Sexy Fryslân’:
Fan tongersdei 19 novimber ôf, fjouwer wiken lang op tongersdei en freed op Omrop Fryslân Televyzje. De ôfleverings binne tusken 16.00 en 17.00 oere te sjen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)