Wâldrock reüny by Omrop Fryslân

27 mrt 2018 - 15:10

It ferneamde festival Wâldrock, dat 30 jier ferlyn foar it earst holden waard, komt foar ien kear werom by Omrop Fryslân. It Noardewyn Live poadium fan Omrop Fryslân stiet op it befrijingsfestival yn it teken fan Wâldrock. De Wâldrock reüny is op 5 maaie de hiele dei te folgjen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en online.

Mei dat alles op it befrijingsfestival bringt Omrop Fryslân it Wâldrock gefoel by de minsken thús. Tusken 13.00 en 22.00 oere komme ferskate acts foarby dy't earder op it Wâldrock festival spile hawwe.

Twa opfallende nammen yn de line-up binne Claw Boys Claw en Strawelte, dy't spesjaal foar dizze dei wer by inoar komme. Fierders komme der noch optredens fan Jankobus Seunnenga & special friends, Restless, The Amp, Weekend At Waikiki, Livin Blues,Bad To the Bone, Incursion Dementa en de Doelleazen. Bruno Rummler komt mei in earbetoan oan syn omke Doede Bleeker. Bleeker wie yn 1988 skoft-act by Wâldrock en ferstoar op 18 maart 2018.

It Noardewyn Live poadium is te finen yn de Arendstuin yn Ljouwert. Fan 13.00 oere ôf binne de optredens te folgjen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Om 18.00 oere wurdt de útstjoering op radio en telefyzje ôfsletten, mar giet it feest op it festivalterrein en de livestream gewoan troch.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)