Wa wurdt it Formule 1 racetalint fan Fryslân?

19 jan 2017 - 13:51

Omrop Fryslân live fan de Racing Expo ôf

De populariteit fan crosse en race is grut yn Fryslân. Omrop Fryslân dûkt yn de auto- en motorwrâld en stiet yn it wykein fan 28 en 29 jannewaris live op de Racing Expo yn Ljouwert. Omrop Fryslân lit minsken dêr yn in Formule 1 simulator stappe en giet op syk nei it racetalint fan Fryslân. De rapste rider wint in ultime race ûnderfining op in sirkwy yn Nederlân.

Omrop Fryslân komt mei de radioprogramma’s Sneon yn Fryslân en Snein yn Fryslân live fan de Racing Expo ôf. Bekende Fryske leafhawwers fan de sport lykas Jannick de Jong skowe oan.

Presintatrise Diana de Groot is hielendal klear foar de ûnderdompeling yn de mannewrâld. “Ik fyn it machtich, raceweinen en oare stoere saken. En it is fansels super dat ik al dy minsken, dêr’t ik oars fersykjes en berjochten fan krij, no ek tsjinkomme kin. Fansels wol ik sels ek wol ris besykje hoe’t it is yn sa’n firtuele Formule 1 racewein!”

Op snein presintearret Johan Terpstra it programma Snein yn Fryslân. “Ik fyn it in feestje, hielendal op in evenemint as de Racing Expo fansels. Machtich om harkers te moetsjen yn it WTC, mar kinst in man as my net blider meitsje as mei blinkend blik en de nijste gadgets.”

Yn de oanrin nei Racing Expo meitsje harkers kâns op tagongskaarten en op it meiriden yn in echte race-auto yn de race-arena yn it WTC. Sneon yn Fryslân en Snein yn Fryslân mei alles oer de Racing Expo binne op sneon 28 en snein 29 jannewaris te hearren en te sjen fan 13.00 oant 18.00 oere.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

(advertinsje)