Wa wurdt dé assistint fan it talint?

12 feb 2016 - 16:26

90 oanmeldingen, 3 nominaasjes, ien winner op it Sportgala Fryslân

De iene wurket by in fuotbalklup en de oare syn hert leit by it follybal. Mar ien ding hawwe sy gemien: sy sette harren allegearre bot yn foar in sporter. De ôfrûne dagen is al bekend makke dat assistinten Jan Hulzinga fan VV Suameer en Ingrid van der Molen fan Spelend Sporten nominearre binne foar de titel ‘Assistent van het talent’. Hjoed is ek de lêste nominearre assistint bekend makke, dat is Tjitske Wind fan VC Sneek.

De priis ‘Assistent van het talent’ is in nije priis dy’t dit jier foar it earst útrikt wurdt op it Sportgala Fryslân. De titel is in inisjatyf fan Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante yn gearwurking mei Sport Fryslân. Ut de rom 90 oanmeldingen binne troch de sjuery 3 assistinten nominearre.

Jan Hulzinga is opjûn troch de âlden fan de jongerein dy’t by VV Suameer spilet. Linda van Houten sjocht dat Hulzinga tige belutsen is by de klup. “Hy is echt in sportman yn ieren en sinen.” Jan is 74 jier mar jout noch hieltyd training, koördinearret de jeugdtrainers en is behearder fan it materiaal en de klean. “Jan giet folslein op yn de fuotbalsport, syn hiele libben hinget ôf fan it fuotbaljen.”

Ingrid van der Molen is opjûn troch Eelco Galama, dy’t tige te sprekken is oer har. “Jo kinne wol sizze dat Ingrid fan oanpakken wit.” Sy regelet ûnder oaren dat de minsken swimme kinne, sy begelaat frijwilligers en soarget derfoar dat der bygelyks in bernesirkus komt. “En dat alles foar de handicapte sporters by Spelend Sporten”, seit Eelco Galama.

De lêste nominearre assistint foar de titel is Tjitske Wind fan VC Sneek. Neffens Wilma Grasman is Tjitske faker yn ‘e sporthal te finen as thús op ‘e bank. “Sy stiet altyd foar elkenien klear en hat meardere funksjes binnen de feriening.” Is der in tekoart oan ferfier? Dan komt Tjitske der al oanriden. Hat in team gjin coach? Dan stiet Tjitske klear. “Sy is ûnmisber foar de klup”, seit Wilma.

Sportgala Fryslân live
It wie wer in jier fol kânshawwers, mar wa wurde de winners? Op woansdei 17 febrewaris wurdt bekend hokker sporthelden harren de bêste sporters fan Fryslân neame meie. Omrop Fryslân stjoert it gala fan 20.00 oere ôf live út op Omrop Fryslân Telefyzje, Ynternet en op de Omrop-app. Dêrnei wurdt it gala de hiele jûn werhelle. Ek op snein 21 febrewaris is it Sportgala Fryslân om 12.20 en 14.10 oere werom te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 - 299 7876, of mei Remco den Dulk fan Sport Fryslân: 0513 – 630 664.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)