Wa fertsjinnet neffens dy in komplete krystbeam?

28 nov 2016 - 09:52

De feestdagen steane foar de doar en dat is foar in soad minsken ít momint om famylje en freonen te ferwennen. Mei-inoar lekker ite, weromsjen op it ôfrûne jier, mar foaral ek omtinken foar inoar. Under dat motto túgt Omrop Fryslan de waarme krystaksje ‘wa fertsjinnet neffens dy in krystbeam’ op. Yn hokker keamer dy beam presys komt te stean wurdt troch de harkers en sjoggers bepaald.

Tusken tiisdei 6 en snein 11 desimber wurde tsientallen krystbeammen troch de hiele provinsje Fryslân besoarge en kompleet optuge, foar de minsken dy’t dat neffens neisten fertsjinje. De buorman, dy’t alle wiken de kontener foar dy bûten set. Dyn âlden, omdat se altyd wol op ‘e bern passe wolle. Of miskien wol dyn fuotbalcoach, dy’t alle kearen foar dy klear stiet. Fan hjoed ôf kin elkenien immen opjaan fia Omropfryslan.nl/krystbeam. En wa wit stiet Omrop Fryslân dan ynkoarten mei in kompleet fersierde krystbeam by him of har foar de doar.

De aksje start op tiisdei 6 desimber en is de hiele wike live te folgjen op radio, telefyzje en ynternet. Mei op radio live bydragen fan ferslachjouwers en ek yn Fryslân Hjoed folop omtinken. Omrop Fryslân komt by de minsken thús en tûgt dêr de beammen op. Kryst fierst ek dit jier wer mei famylje, freonen en Omrop Fryslân.

Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)