Voedselbankaksje smyt € 115.000 oan produkten op

19 des 2014 - 18:25

Mei de grutte Voedselbankaksje by Omrop Fryslân is foar sa’n 115.000 euro oan produkten ophelle foar de Fryske Voedselbanken. Yn totaal binne der yn twa wike tiid mear as 50.000 produkten ynsammele. Dat is hjoed bekend makke yn it ‘Voedselbanksjoernaal’ op de finaledei fan de aksje. As alle produkten teld binne, wurdt de definitive einstân bekend makke.

De aksje ‘Samen voor de Voedselbank’ wie in inisjatyf fan 12 regionale omroppen yn Nederlân en wie ek yn Fryslân in sukses. Projektlieder fan de aksje by Omrop Fryslân, Piter Zwart: “Wy kieze foar in hiel regionaal doel en it is moai om te sjen dat sa’n protte minsken sa belutsen wienen en sels allegear foarmen betocht hawwe om aksje te fieren. Mar ek dat minsken gewoan mei in doaze hjir oan de doar kamen, joech oan dat minsken hiel belutsen wienen. Dat wie prachtich om te sjen.”

De ôfrûne wiken binne minsken yn hiel Fryslân yn it spier west foar de aksje. Op skoallen, yn âldereintehuzen, by bedriuwen en sels yn museums en op skûtsjes waarden produkten ynsammele foar de Voedselbank. Minsken koenen ek produkten fan de spesjale boadskiplist keapje en efterlitte by sa’n santich supermerken yn Fryslân. Al it guod is mei help fan mear as 150 frijwilligers by Omrop Fryslân sammele en sortearre. De produkten wurde ferdield oer de Voedselbanken yn Fryslân.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Piter Zwart: tel. 06 1206 9958.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)