VC Snits – Eurosped TVT live by Omrop Fryslân

23 apr 2015 - 15:51

Sneon 25 april live op Omrop Fryslân Radio en Televyzje

De follybalsters fan VC Snits kinne sneon 25 april yn eigen hûs lânskampioen wurde. Oft dat slagget, is live te folgjen by Omrop Fryslân. Fan 19.15 oere ôf docht Omrop Fryslân op televyzje en radio live ferslach fan de fjirde wedstriid om de Nederlânske titel tusken VC Snits en Eurosped TVT út Almelo.

Yn de best-of-five rige is de stân tusken de ploegen 2-1 yn it foardiel fan VC Snits. De ploech dy't as earste trije kear wûn hat, wurdt lânskampioen. De lêste kear dat de lânstitel nei de froulju fan Snits gie wie yn 1992, doe noch ûnder de namme Olympus. Mocht de winst sneon nei Eurosped gean, dan wurdt de beslissingswedstriid op snein 3 maaie spile yn Almelo.

De wedstriid VC Snits – Eurosped TVT begjint op sneon 25 april om 19.30 oere. De útstjoering op televyzje is fan 19.15 oere ôf te sjen. De presintaasje is yn hannen fan Simone Scheffer, âld-follybalster Caroline Yntema fersoarget de analyzes. It wedstriidkommentaar komt fan Germ Stenekes en Geartsje de Vries.

Op ‘e radio is der fan 18.30 oere ôf in ekstra sport-útstjoering mei presintator Geert van Tuinen. Fan 19.30 oere ôf docht Freard Wijma ferslach fan de follybalwedstriid. It ekstra sportprogramma begjint mei de fuotbalwedstriid Hearrenfean – Willem II mei kommentaar fan Arjen de Boer. Letter yn de útstjoering komt dêr ek noch it wedstriidferslach fan Roelof de Vries by fan de twadde wedstriid yn de basketbal play-offs fan Aris tsjin Grins.

De live-útstjoerings binne ek online te folgjen fia de website en de apps fan Omrop Fryslân.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 / 06 1423 9834.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)