Utwreiding radio-ûntfangst Omrop Fryslân

30 sep 2015 - 10:57

De ûntfangst fan Omrop Fryslân Radio is flink útwreide troch in nij kanaal foar digitale radio (DAB+) en in nije stipestjoerder yn Smilde. Fia it DAB+ kanaal is de Omrop mei in DAB+ radio yn hiel Noard-Nederlân te ûntfangen. Takom wike is der in aksjewike, harkers kinne dan sa’n DAB+ radio winne. Njonken it nije DAB+ kanaal ferbetteret Omrop Fryslân har FM ûntfangst yn de omkriten fan Appelskea mei de nije stipestjoerder op de mêst yn Smilde.

Takom wike, fan 5 oant 9 oktober, is it de ‘Wike fan de Digitale Radio’. In aksjewike yn it ramt fan DAB+ fan de NPO, VCR en alle regionale omroppen. Yn de Wike fan de Digitale Radio wurde der DAB+ radio’s weijûn. By Omrop Fryslân binne de radio’s te winnen yn de kwis fan it moarnsprogramma Fryslân fan ‘e moarn.

Yn Nederlân binne op dit stuit al in protte stjoerders dy’t DAB+ brûke foar harren útstjoering, sa ek alle regionale stjoerders fan Nederlân. Mei dit nije digitale systeem kinne radiostjoerders sûnder rûs ûntfongen wurde en is de útstjoering yn digitale kwaliteit. DAB+ biedt ek in grutter oanbod oan stjoerders dan it reguliere FM oanbod. Om DAB+ te ûntfangen is in DAB+ radio nedich, in standert FM-radio kin gjin DAB+ ûntfange. Op DAB+ is Omrop Fryslân in hiel Noard-Nederlân te ûntfangen yn de auto en bûtendoar, binnendoar hat DAB+ noch net 100% dekking yn Noard-Nederlân.

Neist de yntroduksje fan it DAB+ kanaal wurdt de FM-ûntfangst fan Omrop Fryslân útwreide. Yn Smilde is in stipestjoerder pleatst dy’t de ûntfangst yn de regio Appelskea ferbetteret. Yn dy regio wurdt Omrop Fryslân Radio útstjoerd op de frekwinsje 92.5 FM.

De algemiene frekwinsje fan Omrop Fryslân Radio is 92.2 FM, yn de omkriten fan Appelskea komt dêr no 92.5 FM by. It DAB+ kanaal fan Omrop Fryslân is yn hiel Noard-Nederlân te ûntfangen. Sjoch foar mear ynformaasje oer de frekwinsjes en it berik fan Omrop Fryslân op www.omropfryslan.nl/frekwinsje. Mear ynformaasje oer DAB+ en de Wike fan de Digitale Radio is te finen op www.digitalradio.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)