Utslach weryndielingsferkiezingen live by Omrop Fryslân

16 nov 2017 - 09:27

Fan de prognoazes en de earste útslaggen oant en mei de analyzen en reaksjes. Mei it programma Fryslân Kiest bringt Omrop Fryslân woansdei 22 novimber elkenien as earste op ‘e hichte oer de weryndielingsferkiezingen. Op ‘e radio is alles fan 19.00 oant 01.00 oere op ‘e foet te folgjen. Mei gasten lykas de boargemasters Hayo Apotheker, Johanneke Liemburg en Gerrit Knol. Meisjen kin op Omropfryslan.nl en fan 22.00 oere ôf is Fryslân Kiest ek te sjen op telefyzje.

Yn de studio ûntfange Andries Bakker en Jan Dirk de Haan tal fan politike gasten. Foar trije boargemasters is it de lêste perioade as boargemaster. Hayo Apotheker, Johanneke Liemburg en Gerrit Krol skowe oan yn de studio en sjogge werom op har lange politike karriêre yn Fryslân en op de nije faze dy’t Fryslân yngiet nei de weryndieling.

Yn Waadhoeke wurdt de ferkiezingsjûn hâlden yn De Doelen yn Frjentsjer. Simone Scheffer docht dêr ferslach. Yn Ljouwert wurde de útslaggen presintearre yn Neushoorn, Eric Ennema is dêr foar Fryslân Kiest by. Yn Súdwest-Fryslân komme alle politike pommeranten yn it eardere gemeentehûs yn Drylts by inoar, dêr sil René Koster ferslach dwaan. Hayo Bootsma is op ‘en paad yn alle trije de gemeenten en docht ûnder oaren ferslach út it lytste stimburo fan Fryslân wei: Skingen-Slappeterp. 

Op ynternet wurdt fan 21.00 oere ôf in liveblog byhâlden fan alle hichtepunten fan de ferkiezingen. Tongersdei 23 novimber is der om 07.30 oere in online sjoernaal op Omropfryslan.nl, de Omrop-app en Facebook. Andries Bakker en Douwe Boersma prate dan elkenien by oer wat der nachts allegear bard is. Ek yn it radioprogramma Fryslân fan ‘e moarn binne de oare deis alle útslaggen en reaksjes op dêrop te hearren.  

Fryslân Kiest
Op woansdei 22 novimber fan 19.00 oant 01.00 oere op ‘e radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. It programma is fan 22.00 oant likernôch 01.00 oere ek op telefyzje te sjen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)