“Tsjek stiet no echt op de kaart”

09 aug 2016 - 12:28

It skoaltelefyzjeprogramma Tsjek fan Omrop Fryslân wurdt hieltyd better besjoen as foargeande jierren. De sifers binne bot omheechgien, online wurdt it programma goed twa kear safolle besjoen. “Foar it programma en it Frysk is dit in prachtige ûntwikkeling,” fertelt presintator Raynaud Ritsma entûsjast.

Sûnt it ôfrûne seizoen wurdt Tsjek op lokaasje opnaam, basisskoallen yn Fryslân binne it dekôr fan it programma. De ferhuzing fan de opnamen fan de studio nei de skoallen wurdt sjoen as belangrykste reden foar de stiging. “Ik sjoch in grut ferskil mei foarich seizoen, wy hawwe folle mear kontakt mei de doelgroep en dus is de dynamyk better. De hiele skoalle stiet ús gewoan op te wachtsjen. Dat jout wol oan dat it ien grut feest is,” sa seit presintator Raynaud Ritsma.

Mar ek foar it Frysk is it in positive ûntwikkeling. “Dizze stiging is echt in opstekker foar it Frysk,” fynt regisseur Marja van der Leij. “Bern dogge wilens de opnamen bot harren bêst om Frysk te praten.”

Omrop Fryslân wol faker op lokaasje wêze. Dat betsjut dat de Omrop mear by eveneminten te finen is en programma’s mear op lokaasje plakfine. It effekt dêrfan is no dúdlik te sjen. Raynaud Ritsma: “Ik haw it gefoel dat wy Tsjek no echt op de kaart setten hawwe, it is no gewoan ‘booming’. Hjir hawwe wy jierren hurd foar wurke; foar it programma en it Frysk is dit in prachtige ûntwikkeling.”

Tsjek komt op tiisdei online op Skoal.tv, dat is tagelyk ek de dei dat de measte skoallen nei it programma sjogge. Tsjek wurdt makke foar de boppebou fan de basisskoalle en sit fol mei edukative reportaazjes, ynteressante nijtsjes en moaie rubrykjes. Omrop Fryslân makket skoaltelefyzje foar alle groepen fan de basisskoalle, alle programma’s binne te finen op skoal.tv.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.
Foto: Joris Kalma

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)