Trije PC Kafees op Omrop Fryslân

21 maaie 2019 - 14:08

Yn de oanrin nei de PC keatspartij stjoert Omrop Fryslân dizze simmer trije PC Kafees út op 'e radio. Mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden en oare leafhawwers wurdt yn De Bogt fen Guné foarútsjoen op de PC.

De PC Kafees wurde útstjoerd op 27, 28 en 30 july tusken 18.00 en 19.00 oere. De útstjoeringen binne ek te hearren op Radio Eenhoorn, dêr't Omrop Fryslân in gearwurking mei hat. Geert van Tuinen fersoarget de presintaasje en gearstalling fan de PC Kafees: "Ik bin der hartstikke bliid mei dat der trije PC Kafees te hearren binne by Omrop Fryslân op 'e radio."

Keats-off, lotting en PC dei
Omrop Fryslân is op tongersdeitejûn 25 july ek live by de keats-off op it Sjûkelân, dêr't bepaald wurdt hokker partoer as lêste dielnimme mei oan de PC. Fan 18.00 oant 20.30 oere dogge Geert van Tuinen en Roelof de Vries live ferslach fan it fjild ôf. Lykas as alle jierren is de lotting fan de PC op moandei 29 july live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Op de PC dei sels, op 31 july, is de taspraak fan PC foarsitter Ids Hellinga te sjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Oanslutend binne de keatspartijen te folgjen op radio, telefyzje (fan 15.00 oere ôf), Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)