Trije noardlike films te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân

09 nov 2020 - 16:14

Omrop Fryslân lit op 11, 12 en 13 novimber trije films sjen op telefyzje. Yn dizze perioade soe gewoanwei it Noordelijk Film Festival plakfûn hawwe. No't dat dit jier net trochgiet, kinne filmleafhawwers op telefyzje dochs genietsje fan trije films fan noardlike filmmakkers.

Op woansdei 11 novimber is dat de Sweedske film Sami Blood, op tongersdei 12 novimber de Finske film The happiest day in the life of Olli Mäki. En op freed 13 novimber Water Wieg Me, in poëtyske 'boatmovie' oer de band De Kift.

Woansdei 11 novimber 21.00 oere: Sami Blood
Sami Blood spilet yn de jierren 30 fan de foarige iuw. It is in film oer it Sami famke Elle Marja fan 14 jier, dat yn Noard-Sweden tusken de rindieren in nomadebestean hat. Elle Marja wol graach fierder leare, mar de Sami waarden yn dy tiid bot diskriminearre. It famke giet nei de stêd Uppsala, mar komt ek dêr yn problemen.

Tongersdei 12 novimber om 21.00 oere: The happiest day in the life of Olli Mäki
Dit wierbarde ferhaal oer de Finske bokser Olli Mäki spilet him ôf yn 1962. Mäki makket him klear foar it titelgefjocht tsjin in donkere Amerikaan yn de 'vedergewichtsklasse'. In wedstriid dêr't in soad publisiteit omhinne is. Yntusken wurdt hy fereale op Raija, in famke út syn doarp. It wurdt foar Olli hiel dreech om de holle by de tarieding fan de wedstriid te hâlden.

Freed 13 novimber om 21.00 oere: Water Wieg We
De sjonger en tekstskriuwer fan de fanfarepunkband 'De Kift' dy't al 30 jier bestiet, is Ferry Heijne. Hy farde yn syn 'driuwende' studio oer de Noardlike fearten en marren en harke nei de libbensferhalen fan minsken dy't er tsjinkaam. It is in oandwaanlike en poëtyske film oer ferlies en weemoed.

Op 11, 12 en 13 novimber, 21.00 oere te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

Sjoch foar mear ynformaasje op Omropfryslan.nl/films.

(Advertinsje)