Topkoers Grand Prix de l’UET op Omroplive.nl

14 okt 2015 - 13:15

Snein 18 oktober live te folgjen by Omrop Fryslân

Op Victoria Park, it drafsintrum yn Wolvegea, fynt snein 18 oktober in histoaryske koers plak: de ‘Grand Prix de l’UET’. It Europeesk Kampioenskip foar Fjouwerjierrige hynders. De race mei topdravers is fan 18.35 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân fia de online stjoerder Omroplive.nl. Fan 15.30 oere ôf binne der al oare koersen live te sjen.

De Grand Prix de l’UET is de grutste koers dy’t ea yn Nederlân ferriden is, mei in prizepot fan € 350.000 euro. De race wurdt beskôge as ien fan de wichtichste koersen fan Europa mei tophynders yn de baan. Sa docht ûnder oaren Bold Eagle mei, op dit stuit ien fan de bêste hynders fan de wrâld, fan trainer Sebastien Gurato út Frankryk. Njonken it Europeesk Kampioenskip foar Fjouwerjierrige hynders steane op snein 18 oktober ek de koers om de ‘Fokkerstrofee’ en de finale fan de ‘Main Wise As Challenge’ op it programma.

Alle koersen op Victoria Park wurde streekrjocht útstjoerd op Omroplive.nl. De aginda fan de koersen is te finen op www.victoriaparkwolvega.nl. De koersen wurde jierliks troch tûzenen drafsportleafhawwers út de hiele wrâld folge fia de livestream op Omroplive.nl. Njonken de drafbaankoersen binne tal fan oare eveneminten live te folgjen fia de onlinestjoerder Omroplive.nl, wêrûnder muzyk- en sporteveneminten.

Drafbaan koersen live:
Op snein 18 oktober fan 15.30 oere ôf live op www.omroplive.nl.
Mear ynformaasje oer de koersen is te finen op www.victoriaparkwolvega.nl.

Noat foar de redaksje:
Ofbylding: bron - Victoria Park.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân fia mk@omropfryslan.nl of tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)