Telefyzjeprogramma Hea! fiert 20-jierrich jubileum

13 jan 2022 - 11:58

It is dit jier alwer 20 jier lyn dat de earste Hea! útstjoerd waard by Omrop Fryslân. In jubileum dêr't Omrop Fryslân fansels ekstra by stil stiet. Fan dizze wike ôf wurdt alle tongersdeis in dûk dien yn it rike Hea!-argyf, wurdt weromsjoen mei âlde bekenden om te hearren hoe't it mei harren is.

Hea! is betocht troch de redaksje as programma foar de simmermoannen fan 2002. De útgongspunten binne dúdlik: persoanlike ferhalen moatte sintraal stean en it byld moat it ferhaal fertelle. De earste jierren is Hea! allinne te sjen yn de simmer, al gau folge troch in rige Hea!-útstjoeringen yn de krysttiid. Yn 2006 is Hea! al sa populêr dat it in fêst ûnderdiel wurdt fan de Omrop-programmearring en de geit wurdt it symboal fan it programma. Want in geit is nijsgjirrich, ûndogensk en fleurich... krekt Hea! dus.

Is it yn it begjin de nijsgjirrigens fan redaksje, ferslachjouwers en kameraminsken dat de ûnderwerpen bepaalde, al gau witte Friezen de redaksje te finen mei tips oer bysûndere minsken, bisten, hobbys, plakjes en barrens.

Bekende Hea!'s

Yntusken is Hea! ien fan de langst rinnende programma's by de regionale omroppen mei de heechste wurdearring. Guon minsken dy't troch Hea! portretearre binne, binne hast BF-ers wurden. Lykas de eigensinnige boer Frans fan De Westereen, de kleurrike Paus fan Ljouwert of de markante, yntusken ferstoarne kafeebaas Jolke Nijenhuis fan Terwispel. Syn útspraak 'Lekker, lekker, lekker' is in fêste siswize wurden by it opdrinken fan in fleske bier.

De reportaazje fan 'De lêste fytser' liede yn 2013 ta in hichtepunt yn de Hea!-skiednis. 'De lêste fytser' krige net allinnich de heechste ûnderskieding foar in reportaazje by in regionale omrop, mar ek de takenning fan in Europeeske priis foar regionale telefyzje.

20 jier Hea!

Yn it ramt fan it 20-jierrich jubileum wurdt de kommende moannen alle tongersdeis in dûk yn it rike Hea!-argyf makke, sjogge we âlde bekenden werom en hearre we hoe't it no mei harren is. Tenei dus alle tongersdeis fan 17.15 oere ôf Hea!-rinneringen fan de ôfrûne 20 jier.

Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Publyk: publyk@omropfryslan.nl of (058) 229 78 76 / 06 535 384 72.

(Advertinsje)