Tafel 18 siket de bêste amateurkok fan Fryslân

29 jun 2015 - 13:38

Wa makket it lekkerste iten mei Fryske produkten en is eins syn karriêre as sjef-kok misrûn? Omrop Fryslân sil yn it nije televyzjeprogramma Tafel 18 op syk nei de bêste amateurkok fan Fryslân. Dielnimmers kinne harren ynskriuwe oant 22 augustus fia www.omropfryslan.nl/tafel18. De opnamen begjinne yn septimber en de presintaasje leit yn hannen fan Miranda Werkman.

In faksjuery bepaalt tegearre mei it publyk yn seis ôfleverings wa’t de bêste amateurkok fan Fryslân is. Yn Tafel 18 draait it net allinnich om itensieden, it draait ek om streekeigen produkten. De dielnimmers wurde útdage om mei yngrediïnten út ús eigen regio nije ferrassende gerjochten op tafel te toverjen. Op dy wize wol it programma mei bygelyks it Koudumer Beantsje, it Wâldgieltsje of Laaksumer Bot ek nije smaakkombinaasjes ûntwikkelje.

De dielnimmers krije yn de televyzjesearje ferskate opdrachten fan de faksjuery. De iene kear giet it om it meitsjen fan in bittergarnituer, de oare kear om in haadgerjocht of in trijegongenmenu. Dêrneist krije de dielnimmers tips oer hoe’t sy de gerjochten it bêste optsjinje en presintearje kinne. Sy krije de kâns om yn de keuken te sjen by Fryske topkoks.

Tafel 18 wurdt fan oktober ôf útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje. Yn septimber binne der al ‘foarpriuwkes’ yn de programma’s Hea! en Bynt en op Omrop Fryslân Radio. De syktocht nei de bêste Fryske amateurkok is ek te folgjen op Facebook en www.omropfryslan.nl/tafel18.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)