Swingende Fryske tsjerketsjinst live by Omrop Fryslân

01 nov 2016 - 14:49

Foar it earst yn de histoarje organisearje Omrop Fryslân en de Freonen fan Omrop Fryslân sels in tsjerketsjinst. De Freonen fiere dit jier harren 35-jierrich bestean. Yn it ramt fan dat jubileum is der op snein 6 novimber in bysûndere Fryske tsjerketsjinst foar de Freonen ûnder lieding fan dominy Liuwe Westra fan Lollum. Mei muzyk fan de populêre jongerenband Lifenote. De tsjerketsjinst is fan 9.15 oere ôf live te folgjen op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

De tsjerketsjinst is ûnderdiel fan de Freonedei; in feestlik aktiviteiteprogramma eksklusyf foar de Freonen om harren te betankjen foar 35 jier stipe oan Omrop Fryslân. As trou publyk, as fans, mar benammen de lêste jierren ek mei aksjes en druk op de polityk.

De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân waard yn 1981 oprjochte nei oanlieding fan de sniewinter fan 1979. Dy winter dat Fryslân ûnder heapen snie bedobbe wie, wie it begjin fan it ynsjoch dat regionale radio fan libbensbelang wêze kin. Fia de radio koe ûnder oare de help oan de Friezen koördinearre wurde. Yn it programma Buro de Vries tusken, 11.00 en 13.00 oere, sjogge de inisjatyfnimmers fan de harkersferiening, Bearn Bilker en Clara de Boer, werom op dy tiid fol spontane aksjes foar in eigen Fryske radiostjoerder.

Freonedei live by Omrop Fryslân op 6 novimber
9.15 oere: Swingende tsjerketsjinst op radio, tv en online
11.00 oere: Buro de Vries op radio en online


Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)